It Snitser Toaniel
Freon of lid wurde?
Toanielspylje by It Snitser Toaniel of sfear priuwe by in repetysje? Tige wolkom! Stjoer in mail nei: [email protected] of nim kontakt op mei ús fia it kontaktformulier.
Freon wurde?
Draachst it Frysk toaniel in waarm hert ta? Wurd dan Freon fan It Snitser Toaniel. Wy binne der tige wiis mei! Sa binne wy by steat twa kear yn it jier in stik op te fieren. En do kinst der as freon fergees nei ta.
As freon stipest ús feriening. Boppedat kinst fergees nei ús foarstellings en kinst gebrûk meitsje fan de foarferkeap dy 't allinnich foar freonen tagonklik is.
Ofhinklik fan dyn donaasje kinst allinnich (donaasje € 15) of mei jins twaen (donaasje € 30) fergees nei ús foarstellings. Wy fiere twa foarstellings it jier op (maart/april en novimber). Ien kear yn 'e twa jier fiere wij de revu 'Sneek Skittert' út. Hjir kinne Freonen fan It Snitser Toaniel mei koarting hinne.
Mail dyn namme, adres en bankrekkennûmer nei [email protected]. Dan wurdt it sa gau as mooglik regele!