Aginda

- 13 novimber 2026 om 20:15 oere: 'TC Teater te-gast mei 'De leafde begrave' yn Poort Theater yn Snits
- 14 novimber 2026 om 20:15 oere: 'TC Teater te-gastmei 'De leafde begrave'  yn Poort Theater yn Snits
- 7, 8, 9,  & 10 januari 2027: De nijjiersrevu 'Sneek Skittert' yn Poort Theater yn Snits

TC Teater te-gast mei 'De leafde begrave'

Anna Wolters en Chris Marijt steane tegearre op it toaniel yn yn de Fryske premjêre fan
De leafde begrave. In stik fan Peter de Baan yn de Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra. Under regy fan Grytha Visser.

De leafde begrave is in werkenbere, waarme en by tiden oangripende tragikomeedzje oer leafde, ferlies en de keunst fan it loslitten. As twa eks-partners inoar nei jierren wer tsjinkomme om de hûn te begraven dy't se eartiids tegearre hiene, liket it earst in ienfâldige, praktyske ôfspraak. Mar al gau wurdt dúdlik dat net allinnich de hûn in lêste rêstplak krije moat.

Tusken humoristyske konfrontaasjes, skerpe dialogen en kwetsbere mominten komme âlde oantinkens, net útprate gefoelens en lang ferburgen wierheden stadichoan nei boppen. Wat is der oerbleaun fan de leafde dy't der ea wie? En kinst it ferline wol echt achter dy litte, of nimst it altyd in bytsje mei? Mei in moaie balâns tusken humor en ûntroering hâldt dizze foarstelling it publyk in spegel foar oer leafde, ferjouwing, ferwachtings en alles wat wy soms leaver begroeven as útsprutsen hiene.

Kaarten binne foar 'Freonen' fan It Snitser Toaniel  fan 1 oktober 2026 13:00 ôf te keap. De frije ferkeap begjint op 8 oktober 2026 om 13:00. (Kaarten á €18,50)

Sneek Skittert! 2027

In bjusterbaarlike boppeslach! Dat was de nieuwjaarsrevue Sneek Skittert! van It Snitser Toaniel in 2025. Een vrolijke, afwisselende en muzikale theateravond ter ere van het 175-jarig bestaan van de Sneker toneelvereniging. Vijf keer spelen voor een volle zaal smaakte naar meer en dus krijgt Sneek Skittert! een vervolg!

Een avond waarin met een vette knipoog teruggekeken wordt op het afgelopen jaar in en om Sneek en waarin we samen genieten van muziek, dans en zang van Sneker artiesten en verenigingen, De revue staat dit jaar onder leiding van regisseur Sylvia Beintema.

Kan my niet un beter foarnimmen bedenke dan dit feest met mekaar te beleven. Jim komme toch ok?


De kaartferkeap foar Sneek Skittert! begjint foar Freonen fan It Snitser Toaniel op tongersdei 1 oktober 2026 om 13.00 fia www.theatersneek.nl of oan de kassa fan Poort Theater, Oud Kerkhof 11, Snits. (0515 - 431 400) Om dizze foarstelling te bekostigjen betelje freonen in gereduceerd tarief fan €10,- per kaart. De frije ferkeap begjint tongersdei 8 oktober 2026 om 13.00. (kaarten á €19,50)